Reade Krús hat it yn jierren net sa drok hân; mear frijwilligers melde har oan

21 apr 2021 - 15:28

It Reade Krús hat it sûnt de Wetterneedramp fan 1953 net mear sa drok hân as no yn de coronakrisis. Frijwilligers fan de organisaasje helpe by it faksinearjen en testen, mar ek oare wurksumheden pakke se op. It tal frijwilligers yn Fryslân is yn it ôfrûne jier groeid fan in lytse 300 oant 688. Ien fan de plakken dêr't se helpe is by de faksinaasjes by De Skâns op De Gordyk.

Reade Krús hat it yn jierren net sa drok hân

Yn De Skâns wurde de minsken faksinearre dy't fia de húsdokter oan bar binne foar de coronaprik. By oankomst wurde se opfongen troch in meiwurker fan it Reade Krús dy't se de goeie kant út wiist en ek nei de prik komme se de minsken fan it Reade Krús wer tsjin.

Douwe van der Wal is ien fan de frijwilligers: "Nei de prik moatte de minsken noch in kertierke bliuwe om te sjen oft alles goed mei harren giet. Guon wurde der bygelyks dochs wat emosjoneel ûnder of moatte gewoan efkes bykomme. En dan binne wy der om se by te stean en efkes yn de gaten te hâlden."

It sit dus gewoan yn mei om minsken te helpen.

Douwe van der Wal

Van der Wal hat him it ôfrûne jier meld by it Reade Krús om't er echt wat dwaan woe. "Ik ha ek jierren by de brânwacht sitten en it sit dus gewoan yn my om minsken te helpen." Benaud foar corona is Van der Wal net. "Ik bin al twa kear prikt, dus ik bin feilich. En dat makket dat ik ekstra motivearre bin om hjir te helpen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

En sa as Van der Wal binne der noch hûnderten Friezen dy't har it ôfrûne jier meld hawwe by it Reade Krús. Op tal fan plakken springe se by. "We helpe net allinnich hjir, mar ek op tal fan oare plakken dêr't prikt wurdt. Sa binne we bygelyks konstant oanwêzich by de faksinaasjelokaasje yn Snits fan de GGD, mar helpe we ek by it heljen en bringen fan minsken dy't sels net maklik komme kinne op de plakken dêr't prikt wurdt", fertelt François Perreau, koördinator helpferliening fan it Reade Krús. "Mar we hawwe bygelyks ek in foedselprogramma rinnen."

Wiis mei de help

De húsdokters op De Gordyk binne wakker wiis mei de help fan it Reade Krús. Húsdokter Remco Nauta: "Het is echt heel fijn. Mensen moeten een kwartier blijven en dan is het goed dat er mensen zijn om alles een beetje in de gaten te houden."

Yn de wachtromte kinne de minsken in film sjen en kinne se in gleske drinken krije. Van der Wal hâldt se yn de gaten "En as it kertierke om is en alles liket goed te gean, dan krije se in seintsje fan my en kinne se wer nei hûs."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie op De Gordyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)