Tal coronabesmettingen tanommen, yn ien dei mear as sechstich derby

21 apr 2021 - 15:25

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 223 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne 61 mear as tiisdei. Doe wienen it der 162. Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike 219 nije besmettingen de dei by kaam, tiisdei lei it gemiddelde noch op 208.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Hearrenfean mei 25 nije coronagefallen. Dêrnei folgje De Fryske Marren (23) en Súdwest-Fryslân (22).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje meld. It giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne woansdei 8.530 nije coronagefallen registrearre. Tiisdei wiene dat der minder, nammentlik 6.871. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike alle dagen 8.143.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)