Druk op IC en corona-ôfdielings bliuwt heech, dochs romte foar frije dagen by MCL

21 apr 2021 - 15:17

In diel fan de sikehûzen yn ús lân freget it personiel ôf te sjen fan frije dagen yn de kommende maaiefakânsje. Reden: de smoardrokke ic's en corona-ôfdielings. It kabinet makke tiisdei bekend dat der ferrommings fan de coronamaatregels komme, wylst de druk op de sikehûzen noch hieltyd heech bliuwt.

Druk op IC en corona-ôfdielings bliuwt heech yn MCL

By sikehûs MCL yn Ljouwert liket der wól romte te wêzen foar ferpleegjend personiel om in pear dagen frij te nimmen. Dochs hâlde se ek by it MCL de boel yn de gaten, want de ôfdielings lizze behoarlik fol.

Alles op alles foar needsaaklike frije dagen

Sikehûzen yn Rotterdam, Den Bosch, Tilburg en Sittard moatte alle ferloffen ynlûke. Benammen op de intensive-care en corona-ôfdielings is it noch sa drok dat frije dagen foar dokters en ferpleechkundigen net kinne. "Op dit moment lukt het nog om het zo te plannen dat personeel wat een paar dagen vrij nodig heeft dat ook kan krijgen," seit Gerard Akkerman fan it MCL. "Alles is daar op gericht omdat door te laten gaan."

"De rek is er wel een beetje uit"

It sikehûs leit de hiele tiid 'stabiel vol'. "Wij snappen dat mensen graag weer een stukje van hun oude leven terug willen, maar doe dat gecontroleerd." It ferskil mei ferline jier is dat de reguliere soarch no ek trochgean moat, yn kombinaasje mei de covid-soarch soarget dat foar hege druk. "De rek is er wel een beetje uit, daarom is het ook zo belangrijk dat mensen vrij kunnen nemen. We vragen veel van ons personeel."

Foto: Omrop Fryslân

Skowe mei minsken

It sikehûs moat in soad skowe mei minsken. Personiel dat op de iene ôfdieling wurket, moat in soad op oare ôfdielings ynset wurde. "We vragen ook mensen om langer te werken. We doen alles om de roosters rond te krijgen," beslút Akkerman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)