Sûnt lange tiid wer steatelid fan Waadeilannen: Peter van Noort (SP)

Foar it earst yn lange tiid is in bewenner fan ien fan de Waadeilannen ynstallearre as lid fan Provinsjale Steaten. It giet om de Hollumer Peter van Noort. Hy komt yn de steaten as opfolger fan SP-steatelid Michiel Schrier, dy't as boargemaster nei Flylân giet.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Van Noort wol yn de steaten opkomme foar de belangen fan de eilânbewenners en de lytse gemeenten. Lykas folle mear eilanners wurket Van Noort oan de wâl, by de gemeente Dantumadiel. "Maar ik werk al bijna een jaar thuis." Mar hy wit wat it is om ôfhinklik te wêzen fan in net altyd betroubere farferbining. "Het was elke keer maar weer afwachten of je er drie kwartier over doet of anderhalf uur." Hy sil dêr ek omtinken foar freegje. "Ik wil vertegenwoordiger zijn voor alle eilanden, behalve Texel."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok liet woansdei witte dat er bliid is dat der no ek in bewenner fan in Waadeilân lid is fan Provinsjale Steaten. Neffens him is dat wer it gefal sûnt de oarloch. "Dat is extra leuk. Als de eilanders iets hebben, kunnen ze naar me toekomen." Van Noort is eins ymport; hy wennet 'noch mar' 16 jier op It Amelân.
Yn de polityk sil er him dwaande hâlde mei natuerbehear, gaswinning en toerisme. "We hebben ze nodig, maar we moeten in de gaten houden dat Ameland niet te duur wordt voor de toeristen. De accommodaties worden steeds duurder."
Peter van Noord
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Van Noort hold woansdei fuortendaliks syn 'maiden speech' yn Provinsjale Steaten oer it wenningplan foar de kommende jierren. Hy hie hjirfoar de Amelanner flagge meinommen.