GrienLinks pleitet foar lossere relaasje tusken provinsje en Thialf

21 apr 2021 - 14:18

"Eigenaar zijn van een ijsbaan vind ik geen provinciale taak. Verkoop zal niet gemakkelijk zijn, maar eigenlijk moet je zo snel mogelijk van de aandelen Thialf af." Steatelid Elsa van der Hoek fan GrienLinks makke woansdei yn Provinsjale Steaten fuortendaliks dúdlik dat sy neat fielt foar nije provinsjale bydragen oan de eksploitaasje fan Thialf.

Foto: Martin de Jong Fotografie

By de presintaasje fan it rapport 'Samen Thialf' fan Pier Eringa waard tiisdei dúdlik dat de topsportiisbaan struktureel oerheidsstipe nedich hat om te oerlibjen.

Eringa berekkene it strukturele tekoart op sa'n 1,4 miljoen euro. Hjirfan soene de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean as oandielhâlders tegearre acht ton foar harren rekken nimme moatte. KNSB en sportkoepel NOC*NSF nimme it oare part foar harren rekken.

Omdat de provinsje Fryslân no ien kear oandielhâlder is, ûntkomt de provinsje neffens sportdeputearre Sander de Rouwe net oan in nije finansjele bydrage. De Rouwe sei yn Provinsjale Steaten wol ta dat er ek hopet op in bydrage fan it Ryk. Hy frege dêrom oan de steaten om hjirfoar te lobbyen by harren partijgenoaten yn de Twadde Keamer.

Foar Elsa van der Hoek makket dat gjin ferskil. "Als er echt een voorstel van De Rouwe komt voor een nieuwe bijdrage is ons antwoord nee." De partij is net tsjin oerheidsstipe oan sport, mar hat foaral muoite mei it ferplichte karakter. "Je zou subsidie kunnen geven, zoals we dat ook met musea doen. Maar zelf eigenaar zijn van een ijspaleis, dat moet je niet willen."

Steatelid Elsa van der Hoek fan GrienLinks

(Advertinsje)
(Advertinsje)