Oanfierder Erik Schouten bliuwt by SC Cambuur

Erik Schouten spilet ek takom seizoen yn it giel en blau fan SC Cambuur. De oanfierder hie in ôfrinnend kontrakt yn Ljouwert, dat no mei ien jier ferlinge is. Moandei joech technysk manager Foeke Booy yn de SportCast al oan dat hy op koarte termyn dúdlikheid ferwachte. De klup is ek mei Doke Schmidt yn petear oer in langer ferbliuw.
© Orange Pictures
Twa jier lyn kaam Schouten nei in proefperioade ûnder kontrakt te stean by Cambuur. By de start fan de kompetysje beneamde trainer Henk de Jong de ferdigener ek fuortendaliks ta oanfierder. It twajierrige kontrakt dat Schouten yn 2019 by Cambuur tekene, rûn nei dit seizoen ôf. Mar, beide partijen woene graach meiinoar fierder. It betsjut dat de Noard-Hollanner folgjend seizoen debutearje sil yn de earedifyzje.
Foardat Schouten by Cambuur spile, kaam er út foar FC Volendam. Mei dy klup spile er allinne yn de earste difyzje.
Ferdigener Schouten skoarde dit seizoen trije kear foar SC Cambuur