Steateleden krije 'ferfelend gefoel' dat se oer deltaplan letter ynformearre binne as de parse

Ferskate leden fan Provinsjale Steaten binne der min oer te sprekken dat de steateleden it plan 'Bouwstenen voor het deltaplan' fan de noardlike provinsjes pas op moandei krigen, wylst de parse yn en bûten Fryslân de ynformaasje al op freed krige. "Wy wurde sa op achterstân set", seit Max Aardema fan de PVV.
© Omrop Fryslân
Ek 50Plus, FNP en ChristenUnie binne fan betinken dat deputearre Avine Fokkens Provinsjale Steaten earder ynformearje moatten hie.
De deputearre sjocht dêr sels oars tsjinoan. "Als je landelijke media-aandacht wilt, en volgens ons is dat goed geslaagd, ontkom je er niet aan om de media onder embargo te informeren. Dat is voor ons een normale werkwijze." De deputearre heakke deroan ta dat se yn maart alle fraksjes digitaal bypraat hat oer it proses. "Uiteraard streven wij ernaar om de staten altijd goed te informeren."
Blykber fertrouwe jo de steateleden net.
Teun Wiersma fan 50Plus
It ôfrûne wykein alle folksfertsjintwurdigers tagelyk mei de media ynformearje wie neffens Fokkens gjin opsje. "Het gaat om acht bestuurslagen met in totaal 324 volksvertegenwoordigers. De kans op uitlekken is dan te groot."
Om't guon steateleden by foarkar gjin stikken ûntfange op snein is der foar keazen om elkenien de ynformaasje yn de nacht fan snein op moandei takomme te litten mei in embargo op moandeitemoarn seis oere. Teun Wiersma fan 50Plus wie kritysk oer dizze redenaasje. "Blykber fertrouwe jo de steateleden net." Fokkens spruts dat tsjin. "Er is geen sprake van dat ik statenleden niet vertrouw."

Ferfelend gefoel

Ek steatelid Maaike Prins (CDA) kin har wol yntinke dat de steaten 'in ferfelend gefoel' hjiroan oerhâlde. Neffens har is it goed om nochris goed te sjen hoe't en wannear't steateleden ynformearre wurde oer belangrike ûntwikkelings lykas de noardlike ambysje om 220.000 huzen ekstra te bouwen as it Ryk ree is om te ynvestearjen yn de Lelyline en twa oare spoarlinen yn it noarden.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok sei ta dat sa'n oerlis der komt.
Harkje nei fraksjefoarsitter Max Aardema fan de PVV