Mear wenningen nedich yn Achtkarspelen: "We ha de romte en de ynfrastruktuer"

21 apr 2021 - 12:43

Yn Achtkarspelen moatte mear wenningen boud wurde as dat no yn de ambysjes fan it wenningbouprogramma stiet. Dat fine de koälysjepartijen CDA en VVD, stipe troch Gemeente Belangen Achtkarspelen en ChristenUnie. Neffens de partijen sitte in tal doarpen te rigide op slot.

Foto: Shutterstock

De partijen komme tongersdei mei in moasje oan it kolleezje om dat boadskip oer te bringen oan regiopartners en de provinsje. Der moat neffens har mear soarge wurde foar foldwaande oanbod foar de ynwenners fan de gemeente en oare wenningsykjenden.

De provinsje stelt strange easken oan nijbou op it plattelân. Doel is om de kommende 10 jier 1500 wenningen te bouwen yn alle doarpen.

Ek oan de râne fan doarpen bouwe

"Der is in tekoart oan wenningen. Dêr wollle we romte foar meitsje en dy ha we op dit momint net", ljochtet CDA-riedslid Romke van der Wal ta. "Wêr't we tsjinoan rinne is dat de provinsje seit fan bouwe en dat wolle we ek wol, mar we meie it net. Der mei binnen bepaalde linen boud wurde en dêrbûten net. We krije no in soad stiennen yn de doarpen, mar we wolle ek oan de rânen it doarp ôf meitsje."

It kolleezje wol 600 huzen bouwe. "Dat liket in soad en der is ek al in soad ûnderweis, mar ast it útsmarst oer tsien jier hast it oer seis huzen per doarp per jier. Dat is net folle." De partijen wolle dêrom 1500 huzen bouwe litte. "We ha de romte en de ynfrastruktuer der wol foar. Dus kom mar op."

CDA-riedslid Romke van der Wal

(Advertinsje)
(Advertinsje)