Q&A: "De Haan moat by Hearrenfean kreatyf wêze mei beheind budzjet"

21 apr 2021 - 11:45

Ferry de Haan wurdt mei yngong fan it nije seizoen technysk manager fan SC Hearrenfean. Hy wie de lêste goed acht jier algemien direkteur fan Excelsior en earder spile er by it Feyenoord dat yn 2002 de UEFA Cup wûn. De Haan is in opfallende kar, want hy hat noch net earder as technysk einferantwurdlike yn it betelle fuotbal wurke.

Sportferslachjouwer Arjen de Boer leit út watfoar opdracht De Haan op It Hearrenfean krijt.

Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hellet in technysk direkteur fan Excelsior, in earstedifyzjeklup. Wat seit dat? Meisto dêrút konkludearje dat de klup kwa útstrieling en status net mear ynteressant genôch is foar grutte nammen?

"Hearrenfean hat noait in grutte namme hân as technysk direkteur. It wienen mei Yme Kuiper, Johan Hansma en Hans Vonk faak echte klupminsken. En lit ús earlik wêze, Gerry Hamstra wie ek net in grutte namme. En yn 2019 waard Ferry de Haan noch frege troch Feyenoord as opfolger fan Martin van Geel. Dêr hat hy doe foar betanke, mar dêrút docht bliken dat hy op 'e radar stien hat by in grutte klup."

Is Ferry de Haan de bêste kar?

"Hy komt fan de tredde klup út Rotterdam en giet no nei de grutste klup út it noarden, dus dat is wol opfallend. Hy hat in soad ûnderfining yn de fuotbalwrâld, mar net as technysk manager. Al sil syn netwurk yn Rotterdam en omjouwing goed wêze. Under syn lieding makke Excelsior yn 2014 de sprong nei de earedifyzje en hat de klup him bot ûntwikkele."

"Minsken fan Excelsior binne sawiesa populêr yn it noarden. Wouter Gudde (technysk direkteur) en Adrie Poldervaart (assistint-trainer) hawwe earder al de oerstap makke nei FC Groningen."

Wiene der wol oare kandidaten?

"Michel Jansen is op dit stuit haad jeugdoplieding by SC Hearrenfean en hy hat by de kluplieding kenber makke dat hy de taken fan Gerry Hamstra graach oernimme wol. Faak hat in ynterne kandidaat in streekje foar, mar de klup hat no keazen foar in eksterne kandidaat."

Ferry de Haan - Foto: SC Hearrenfean

Wat is de steat fan tsjinst fan Ferry de Haan, wat hat er prestearre by Excelsior?

"Yn syn aktive fuotbalkarriêre stie hy allinnich by Rotterdamske klups ûnder kontrakt. By Feyenoord wûn hy yn 1999 de lânstitel en de Johan Cruijffskaal. En yn 2002 de UEFA Cup. Yn de finale mocht hy fiif minuten meidwaan en pakte hy noch fluch in giele kaart. De lêste jierren stie hy ûnder kontrakt by Excelsior."

"Dêrnei hat hy ferskate funksjes hân by Excelsior. Earst as jeugdtrainer, dêrnei as kommersjeel manager en de lêste goed acht jier as algemien direkteur. Yn dy perioade wie er ek einferantwurdlik op technysk mêd."

Wat wurdt syn belangrykste taak by SC Hearrenfean?

"Kreatyf wêze mei in beheind budzjet, dat koe Gerry Hamstra as gjin oar. Hy hierde spilers as Sam Lammers en Sven Botman, dy't dêrnei ferkocht waarden oan grutte klups. Mar Hamstra hie der wol foar soarge dat Hearrenfean in trochferkeappersintaazje krige. En tink allinnich mar oan it sukses fan Chidera Ejuke, dy't foar 2 miljoen helle waard en foar 12 miljoen ferkocht waard."

Gerry Hamstra, de foarige technysk direkteur, is fuortgien om't er frustrearre wie dat hy faak syn bêste oankeapen al nei in jier wer ferkeapje moast om de finansjele tekoarten fan de klup te tichtsjen. Hoelang tinkst dat Ferry de Haan it folhâlde sil?

"Dat is net feroare. De fyzje fan Hearrenfean is no ien kear dat se jong talint fierder ûntwikkelje wolle om se dêrnei foar grutte bedraggen te ferkeapjen. Ik tink dat De Haan dat wol wend is, want de bêste spilers bliuwe fansels ek net by Excelsior."

Ferskate spilers ha al oanjûn nei dit seizoen fuort te wollen: Mitchell van Bergen en Joey Veerman. Kin Ferry de Haan har noch op oare ideeën bringe tinkst?

"Nee, dat tink ik net. Foar de ûntwikkeling fan Joey Veerman is it ek it bêste om de stap nei de nasjonale top te meitsjen. Oan De Haan de taak dêr in miljoenebedrach foar te krijen. Mei dat jild kin Hearrenfean dan wer op syk nei nije kroanjuwielen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)