Beswieren fan Pol Infratechniek tsjin nije plak Ljouwerter feemerk fan tafel fage

21 apr 2021 - 10:42

De Raad van State hat alle beswieren fan it Ljouwerter bedriuw Pol Infratechniek tsjin de komst fan de feemerk nei bedriuweterrein De Hemrik yn de haadstêd fan tafel fage.

De feemerk no - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It bedriuw wurdt neffens de heechste bestjoersrjochter net ûnevenredich yn syn belangen oantaast.

De feemerk moat nei in oar plak fanwegen de nijbouplannen fan it Cambuurstadion. De bou oan de Siriuswei is yn septimber ferline jier begûn. Pol Infratechniek sit dêr ek en is tsjin de komst fan de feemerk om't it tefolle frachtferkear opsmite soe en tefolle oerlêst fan skiep en kij.

Neffens de Raad van State makket it hjoeddeistige bestimmingsplan foar De Hemrik in feemerk mooglik. Ek sjocht de rjochter net yn wêrom't Pol sa'n lêst fan de feemerk krije soe. It frachtferkear fan en nei de merk is net útsûnderlik en oare oerlêst falt rom binnen de miljeu- en bestimmingsplanregels foar it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)