Twa minsken ferstoarn op boat yn Boalsert, mooglik troch koalmonokside

21 apr 2021 - 11:49

Op in boat yn Boalsert binne twa minsken ferstoarn. It giet om in 52-jierrige man en in 49-jierrige frou út Geervliet (Súd-Hollân). Dat meldt de plysje. Twa oaren, in man en in frou fan beide 51 jier út Brielle, binne yn it sikehûs rekke. Meardere helpferlieners gongen nei de boat, nei in melding oer koalmonokside. Neffens in wurdfierder fan de plysje is it net dúdlik oft it echt om koalmonokside giet.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn Boalsert

It is net dúdlik hoe't de minsken dy't nei it sikehûs binne, der oan ta binne. Dat meldt de plysje.

De slachtoffers soene minsken wêze dy't de boat hierd ha. De boat is eigendom fan in ferhierbedriuw fan It Hearrenfean, en wie sûnt moandei ferhierd.

Neist de brânwacht wiene meardere ambulânses en in traumahelikopter oanwêzich oan de kade fan de Gleibakkerij yn Boalsert. De brânwacht hie skermen pleatst om it ynsidint ôf te skermjen.

Koalmonokside

Earder melde de brânwacht al dat koalmonokside bekend stiet as 'sluipmoordenaar': it is net te sjen of te rûken, mar it kin slimme gefolgen ha. Neffens de brânwacht komme der yn Nederlân alle jierren 10 oant 15 minsken om it libben troch koalmonokside.

Neffens de brânwacht komme koalmonoksidefergiftigingen it measte foar troch de ferkearde ynstallaasje of it min wurkjen fan in kachel, geiser of cv, en wurde de risiko's op in fergiftiging grutter yn lytse romten, lykas in boat of in caravan.

Undersyk moat útwize oft der yn dit gefal ek sprake wie fan in koalmonoksidefergiftiging. Dat ûndersyk soe noch wol de hiele dei duorje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)