'Reeën deasjitte is oplossing foar ûngelokken op It Amelân, mar regels binne te strang'

21 apr 2021 - 07:03

Neidat dizze wike op It Amelân yn ien dei twa auto's total loss rekken by ûngelokken mei reeën, roppe jagers op it eilân de provinsje op om it sjitten fan reeën op mear plakken ta te stean. Se sizze dat se de populaasje no net yn de hân hâlde kinne, en út protest sjitte se no hielendal gjin reeën mear. Op Skylge spilet itselde.

In warskôgingsboerd op It Amelân - Foto: Shutterstock.com (MyImages - Micha)

De jagers meitsje har al langer soargen oer de reeën op it eilân. No binne se lilk. "Er gebeuren te veel ongelukken. De gemeente kan de veiligheid niet garanderen", seit wyldbehearder Robert Oud fan It Amelân. Sûnt 1 jannewaris meie der op It Amelân en Skylge allinne reeën ôfsketten wurde op plakken dêr't earder reeën deariden binne. Dy wurde hotspots neamd.

Sjitte op toeristen mei net

Op hotspots sjitte, kin faak net, omdat se yn wenwiken of by rekreaasjegebieten lizze. Jagers wolle fan dy hotspots ôf, seit Oud."Je ziet hoeveel ongelukken hier gebeuren. Op de Ballumerweg zijn er deze week twee op één dag gebeurd. Twee drachtige reeën, en na de aanrijding lagen de kalfjes lagen ernaast op straat. Dat is gewoon te gek voor woorden."

Der wurdt gjin rekken hâlden mei de útsûnderlike posysje fan in eilân, seit Oud. Je kinne net middenyn de simmer by bungalows of campings sjitte. "We zitten hier met veel toeristen en op die hotspots ook. Wij willen de dieren juist bij die hotspots vandaan hebben. We moeten meer, net als voorheen, het hele eiland beheren."

De regels wurde makke troch de Fryske Faunabeheereenheid. Robbert de Vries fan dy organisaasje seit yn in reaksje: "Begjin mar ris op de plakken dêr't it wol kin om de populaasje wat te beheinen, en dan sjogge wy wol hoefier't wy komme. Op it eilân sizze se dat it net kin, omdat oeral campings en toeristen binne. Dus moat it op it eastpunt fan it eilân barre. Mar safier binne wy as Faunabeheereenheid noch net."

De jagers op it eilân sizze dat der in plan makke is oer it yndielen fan de jachtsônes, dêr't partijen as Fryske Gea, Steatsboskbehear, de gemeente Amelân en de Wildbeheereenheid fan it eilân achter stiene, mar dat is net oernaam troch de Fryske Faunabeheereenheid, dy't oer de jacht giet.

"Dat plan is zo in de prullenbak gegooid. Ze zeiden: 'We willen alleen op de hotspots en verder niet.' Het zijn goeie bestuurders, maar ze moeten zich niet bemoeien met wat er in het veld gebeurt", seit Oud. "Dat moet je aan de jagers overlaten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)