Dief flechtet winkel út

Boeien © ANP XTRA
In 26-jierrige frou fan Drachten is sneon oanhâlden foar stellerij. De frou waard yn in winkel herkend troch in meiwurker nei't se earder yn 'e wike drank stellen hie. De frou waard troch it personiel frege mei te gean nei achteren om dêr de bylden te besjen. Nei't de frou de bylden sjoen hie naaide se út.
Meiwurkers fan de winkel hawwe dêrnei by de auto fan de frou wachte. De frou seach lykwols dochs kâns om yn de auto te stappen en fuort te riden. Hjirby rekke se hast ien fan de meiwurkers. Troch it kenteken koe de frou oanhâlden wurde.