'Ferry de Haan folget Gerry Hamstra op as technysk manager SC Hearrenfean'

20 apr 2021 - 21:11

Ferry de Haan wurdt sa goed as wis de nije technysk manager fan SC Hearrenfean. Dat meldt RTV Rijnmond. De Haan folget Gerry Hamstra op, dy't de oerstap makke hat nei Ajax. De Haan is op it stuit noch algemien direkteur by Excelsior Rotterdam.

Foto: Orange Pictures

De 48-jierrige De Haan wie earder spiler by Excelsior. Doe't hy ophold as fuotballer waard hy earst kommersjeel manager en letter de direkteur. Yn totaal hat De Haan hast tweintich jier ûnder kontrakt stien by Excelsior.

It is de ferwachting dat De Haan in mearjierrich kontrakt tekenje sil op It Hearrenfean. Yn 2019 waard er noch frege om Martin van Geel op te folgjen as technyske man by Feyenoord. De Haan betanke doe lykwols foar in funksje by syn âlde wurkjouwer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)