Persoan slim ferwûne nei it fallen fan in fytstunnelreling yn Ljouwert

20 apr 2021 - 20:48

In persoan is tiisdeitejûn slim ferwûne rekke nei it fallen fan in reling boppe in fytstunnel ûnder it Oostergoplein yn Ljouwert, oan de ein fan de Verlengde Schrans. Der binne twa ambulânsen en in traumahelikopter op it plak fan it ûngelok kaam.

Foto: AS Media

De plysje hat de omjouwing ôfsletten. It slachtoffer is behannele en ûnder tafersjoch fan in traumadokter nei in sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)