Oanhâldings foar fyts yn grêft

22 jul 2012 - 15:16

Trije jonges út Hallum, Aldebiltsyl en Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar fandalisme. In tsjûge hie sjoen dat de jonges in fyts yn de Ljouwerter grêft smiten hiene.

De fertochten koene dêrnei op oanwizings fan de tsjûge oanhâlden wurde op de Grote Hoogstraat. Se binne meinaam nei it buro foar ferhear.

Trefwurden: 
plysje fandalisme plysjenijs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)