Omwenners bosken wolle seagje sûnder bulldozer

20 apr 2021 - 20:12

Der is argewaasje oer de wurkwize fan Steatsboskbehear yn ferskate doarpen yn Noardeast-Fryslân. It giet ûnder oare om Mitselwier, dêr't sa'n 16 jier in gearwurking wie tusken Steatsboskbehear en de saneamde 'Boskploech' út it doarp. Dy gearwurking is lykwols om 2018 hinne ta in ein kaam, ta spyt fan de Boskploech.

Doarpen lilk oer fernield bosk by Mitselwier

Freek van der Bij fan Mitselwier fertelt dat de Boskploech jierren it hout fan de beammen dy't Steatsboskbehear omseage lytser makke, opnij brûkte en ferkocht. Mei it jild dat fertsjinne waard, koe wer nij materiaal kocht wurde.

"It hat sear dien"

Dit wie it gefal oant Steatsboskbehear de gearwurking ta in ein brocht. Van der Bij tinkt dat dit mooglik te krijen hat mei in ûngelok yn Drinte, dêr't in persoan by omkaam. Hy tinkt dat Steatsboskbehear benaud waard foar risiko's en oanspraaklikens. "Dat hat sear dien, wy fine it spitich. Der wie in man as 40 by belutsen út it doarp wei, fan jong oant âld. It wie ek in sosjaal barren."

Fan Boskploech ta bulldozer

Hjoed-de-dei komt de natuerbehearder mei in bulldozer de bosk yn. Van der Bij: "De bosk sjocht der net mear út en fertutearzet. Dat is foar it oansjen min, mar ek foar in kuierrûte om it doarp hinne. Somtiden leit der hout op it paad. Dêr hawwe wy argewaasje fan."

Freek van der Bij fan de Boskploech yn Mitselwier

De Boskploech hat kontakt socht mei Steatsboskbehear. "Mar sy sjogge it net mear sitten." Steatsboskbehear hat yn in telefoanyske reaksje oanjûn dat sy ynhâldlik net reagearje wolle. Mar wy steane altyd iepen om mei doarpsbelangen yn petear te gean, sa lit wurdfierder Jeffrey Huizenga witte.

FNP stelt fragen oan kolleezje

Nei oanlieding fan de opskuor oer it ûnderhâld fan doarpsbosken hat de FNP-fraksje fan Noardeast-Fryslân fragen steld oan it kolleezje. Ek yn Easternijtsjerk spilet in probleem mei Steatsboskbehear en frijwilligers. De FNP wol witte oft it kolleezje op 'e hichte is fan de ûnfrede by in grut tal doarpen. De fraksje fynt dat boargemaster en wethâlders yngripe moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)