Kabinet komt mei ferrommingen: "Maar het vergt gezond verstand van ons allemaal"

It kabinet hat tiisdeitejûn op in parsekonferinsje sân ferrommingen fan de coronamaatregels oankundige. De measte dêrfan gean fan 28 april ôf yn. Demisjonêr premier Mark Rutte neamt dy ferrommingen "ongelooflijk spannend". De besmettingssifers en de druk op de soarch binne noch hieltyd bûtengewoan heech.
© ANP Foto
De oankundige ferrommingen:
1. Op 28 april om 04.30 oere giet der in streek troch de jûnsklok.
2. Nei 28 april giet it maksimale tal minsken dat as besite thús wolkom is fan ien nei twa persoanen.
3. De terrassen meie wer iepen, mar wol mei in tal betingsten. It mei tusken 12.00 en 18.00 oere en mei maksimaal 50 klanten op it terras. Yn 't foar moat der in sûnenscheck dien wurde en klanten moatte harren registrearje en reservearje. Dat mei ek op it plak sels noch dien wurde. Oan in tafel meie twa persoanen sitte, útsein minsken út itselde húshâlden. Mei spatskerms meie de tafels ek tichter opinoar steane as 1,5 meter.
4. Net-essinsjele winkels en waremerken meie nei 28 april wer iepen sûnder ôfspraken yn 't foar. Wol is der in beheind tal minsken, op basis fan de oerflakte fan it pân. Foar lytse winkels jildt twa minsken de ferdjipping en foar grutte winkels ien klant de 25 kante meter.
5. Studinten yn it heger ûnderwiis meie fan 26 april ôf wer nei kolleezje ta foar ien dei yn de wike. Fierder wurket it kabinet oan it regeljen fan sneltesten.
6. Op útfearten binne tenei maksimaal 100 minsken wolkom, yn stee fan de 50 minsken.
7. De teorylessen by alle rydopliedingen binne wer tastien.
Demisjonêr premier Mark Rutte joech ta dat it somtiden net goed út te lizzen is wêrom't guon stappen set wurde. "Het blijft een balanceer-act. Men zal vragen: wat is er deze week veranderd in de cijfers? Ons antwoord: niet ongelooflijk veel, maar wel net genoeg." Neffens Rutte flakje de ynstream fan it tal minsken mei corona en it tal pasjinten yn de sikehuzen ôf. "De modellen van het RIVM laten zien dat een daling in de ziekenhuizen in zicht komt. Daarmee is het verantwoord om een eerste stap te zetten."

Wat drukt it meast op de mienskip?

Hokker ferrommingen der dan keazen wurde, hat ek te krijen mei de druk út de mienskip wei. "We kijken naar welke maatregelen het zwaarst op de samenleving drukken. en dan nog zijn de keuzes soms lastig uit te leggen." It kabinet hat no de kar makke om wer mear minsken ta te stean op besite. "We weten dat dit voor veel mensen de meest lastige maatregel is om na te leven. Maar nog altijd vinden de meeste besmettingen thuis plaats."
Dochs bliuwt er ek mei klam op de basisregels wizen, lykas de 1,5 meter ôfstân. "We kunnen ons weinig tegenvallers permitteren. Het is in de zorg nog altijd alle hens aan dek. Het beeld van de heftigheid in de ziekenhuizen en de optimistische vooruitzichten zijn moeilijk met elkaar te rijmen. De spanning is voorlopig nog heel groot. Dat maakt ons besluit vandaag vreselijk spannend."

Basisregels: ek minsken dy't prik hân hawwe

De minister-presidint seit dêrom wer dat it stappeplan net yn beton getten is. "We houden een slag om de arm, dat herhaal ik vandaag. Zonder risico's gaat versoepelen niet, maar de risico's moeten wel verantwoord zijn. Dat zijn we ook verplicht aan de zorgmedewerkers."
Ek foar minsken dy't al in prik krigen hawwe, bliuwt jilden dat sy harren oan de coronamaatregels hâlde bliuwe moatte. "Testen en thuisblijven bij klachten, ook als je al gevaccineerd bent."

Hanthavening gemeenten

Fierder freget de demisjonêr premier ek om meiwurking. "We doen een beroep op gemeentes, brancheorganisaties en individuele ondernemers om deze spannende stap in goede banen te leiden." Dat betsjut ek hanthavening. As it op in plein te drok wurdt, ferwachtet Rutte fan in boargemaster dat it plein tydlik sletten wurdt. "Het vraagt om gezond verstand van ons allemaal."
© ANP
Demisjonêr minister Hugo de Jong fan Folkssûnens gie yn op de fuortgong fan it faksinaasjeproses. It EMA hat tastimming jûn om útein te setten mei it faksinearjen mei it Janssen-faksin. Dêr wurdt fan woansdei ôf mei begûn. Neffens De Jonge bliuwe we dêrmei op skema en soe begjin july elke folwoeksene dy't dat wol in prik hân hawwe.
Minsken fan sechstich jier en âlder en minsken mei in heech medysk risiko, lykas bygelyks it syndroom fan Down of leukemy, soene healwei maaie allegearre de earste prik hân hawwe. Dêrnei wurdt ek úteinset mei it faksinearjen fan minsken dy't gewoanwei in grypprik krije. Dêrneist giet it faksinearjen fan jong nei âld troch.

'Heerlijke zomer'

"Het kan een heerlijke zomer worden", sei De Jonge. "Maar we zijn er nog niet. Het versoepelen van de maatregelen mag geen versloffen worden in het naleven van de maatregelen. De stappen zijn heel voorzichtig en wij moeten dat ook zijn."
Neffens De Jonge sitte we dêrtroch noch wol efkes oan de maatregels fêst. "Maar prik voor prik komt het normale leven steeds dichterbij. Elke week is een steeds groter deel van de samenleving steeds beter beschermd tegen het virus. Laten we ons daar aan vasthouden", sei de minister.
Der binne yntusken 4,5 miljoen prikken set. Dêrmei hat in kwart fan de folwoeksenen yn Nederlân yn elk gefal ien prik hân.