Planmakkers leauwe noch hieltyd yn werombringen alluere Zalen Schaaf

20 apr 2021 - 18:31

Wurdt it ferneamde Zalen Schaaf in appartemintekompleks of bliuwt it in teäter? Dat is de wichtichste ynset fan de striid oer it eigendom fan it 224 jier âlde Ljouwerter teäter en sealekompleks.

Planmakkers leauwe yn Zalen Schaaf

Woansdei wurde de plannen foar Zalen Schaaf op in iepen poadium presintearre oan de gemeenteried. En dy moat de kommende wiken in definitive kar meitsje.

Foarkar kolleezje

It kolleezje fan Ljouwert hat koartlyn nei in priisfraach de foarkar útsprutsen foar ûntwikkelingsmaatskippij Turfmarkt BV. Dy hat plannen foar apparteminten en in stikje kultuer. Mar wat dat wurde moat is noch net helder.

Schaaf in monumint

De inisjatyfnimmers fan 'Zalen Schaaf Blijft! In Beweging', dy't as twadde einige binne yn de priisfraach, binne poer tsjin op it earste plan. Sy fine it teäter ûnmisber foar Ljouwert en hawwe grutte plannen. En dy binne finansjeel ek helber sa beswarre se.

Filmmakker Steven de Jong - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ek hawwe se in petysje opset foar it behâld fan Schaaf. Achter dit plan sitte de eksploitant fan Schaaf, Bobby Veenstra, filmmakker Steven de Jong en restauraasjebedriuw Jurriëns, ûnderdiel fan boubedriuw Friso.

De groep mikt op grutte en langrinnende teäterproduksjes. Ek komt der deibesteging, in muzykskoalle en moatte der banen komme foar minsken dy't dreech oan it wurk komme kinne.

Ynstruier foar de provinsje

De trije planmakkers binne benaud dat it monumintale sealekompleks ûnwerstelber fernield wurdt as it projekt fan Turfmarkt BV útfierd wurdt. Neffens De Jong, Veenstra en Berber Dedden fan boubedriuw Friso mei it sa fier net komme.

De Jong is dwaande mei ferskate grutte en langrinnende teäterproduksjes/musikals sa as Mata Hari, de Kameleon en Grutte Pier. Dy moatte besikers lûke út Fryslân en fier dêr bûten. De inisjatyfnimmers tinke dat sa'n oanpak net allinnich sukses bringe sil foar it teäter mar ek jild opsmite sil foar de stêd en de hiele provinsje.

De besikers soene nammentlik net allinnich jild útjaan foar it teäter mar soene ek nei restaurants en hotels en oare attraksjes yn Fryslân gean. De opbringsten dêrfan skatte se op fjouwer miljoen euro yn it jier.

Bobby Veenstra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Dit is it ien nei âldste teater fan Nederlân, 224 jier âld. It is in ûngelooflik belangrike beslissing dy't no nommen wurde moat. Wat weg is weg en dat komt nooit wer werom.

Bobby Veenstra

Finansjele pylder

In wichtige finansjele pylder ûnder de plannen is ek de risikodragende dielname fan boubedriuw Friso. Dy sil yn it kompleks in tal apparteminten bouwe foar de keapmerk. De winst hjirop giet net werom nei de bouwer mar wurdt ynvestearre yn Zalen Schaaf.

"Op dy wize soargje wy derfoar dat Zalen Schaaf finansjeel sûn bliuwt en dat de plannen fan Steven en Bobby in solide basis hawwe", seit Berber Dedden fan Friso. Neffens Dedden fynt Friso it tige wichtich dat Zalen Schaaf as monumint behâlden bliuwt foar Ljouwert.

Tredde plan yn de race

In tredde plan fan de Agora groep wol fan Zalen Schaaf in gebou meitsje foar maatskiplik nut en in briedplak foar keunst en kultuer mei allerhande aktiviteiten. Undernimmers, ûnderwiis, eveneminten en aktiviteiten foar de buert moatte hjir in plak fine. Dit plan kaam as tredde út de priisfraach

Harkje nei de reportaazje oer Zalen Schaaf

(Advertinsje)
(Advertinsje)