Byld fan Joadske sussen yn Ljouwert krijt nij plak njonken it Zuiderplein

Der is in nij plak foar it byld foar de Joadske twilling Roosje en Betje Cohen dat yn desimber fan De Schrans helle is troch de gemeente Ljouwert: op 'e hoeke fan it Zuiderplein en de Willemskade. Dat is foar it gebou fan RUG Campus Fryslân oer dat oan de oare kant fan it wetter stiet.
Hjir moat it byld komme © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Joadske sussen wiene ferkeapsters op de feemerk en op De Schrans. Sy oerlibben de Twadde Wrâldoarloch om't sy beiden trouden mei in net-Joadske sigarehanneler. Yn 1988 kaam it byld by de spoaroergong op De Schrans te stean om it ferhaal net te ferjitten.
Ofrûne jier waard it byld fuorthelle fanwegen de werynrjochting fan De Schrans. It byld kaam op in flechtheuvel te stean, mar dêr wiene in soad minsken net oer te sprekken. Dêrom kaam it byld earst yn in gemeentlike opslach telâne.

"Sa wurdt it net weistoppe"

Ria Pool fan Ljouwert hat har bot ynset foar in moai plakje foar it stânbyld fan Bertje Cohen. Sy is wiis mei it plak. "Minsken komme der del en sjogge it ek better. Ik fyn it wol in moai plak, sa wurdt it net weistoppe. En it stiet moai yn 'e midden fan wêr't beide sussen wennen en wurken."
Gemeente Ljouwert hat witte litten it byld foar de simmer pleatse te wollen.
Ria Pool fan Ljouwert