Frijwilligers Kazemattenmuseum ha 'bealchfol wurk' yn coronatiid

Musea binne al moannen ticht, mar de frijwilligers fan it Kazemattenmuseum by Koarnwertersân bûgje dit neidiel om yn in foardiel. It hiele terrein wurdt ekstra ûnder hannen naam. Sa binnen beammen kapt om it oarspronklike iepen karakter fan it plak wer werom te bringen. En de replika fan kazemat 'De Wanhoop' wie fersakke en is opnij opset mei grûn. It smyt allegearre in bealchfol wurk op.
Kazemattenmuseum
De frijwilligers wurkje yn groepkes fan fiif oant seis minsken, yn twa ploegen. De iene ploech hâldt him dwaande mei it technyske ûnderhâld fan de kazematten en bunkers. Der is koartlyn in nij alarmsysteem kaam dêr't noch fan alles oan dien wurde moat.

Werynrjochting

De saneamde bûtenploech is drok dwaande mei de werynrjochting fan it terrein. Troch it fuortheljen fan grien en beamkes hawwe se ôfrûne moanne twa Dútske skuttersputten fûn dêr't de fijân har yn it iepen fjild ferdigenje koe. De frijwilligers hawwe no rinfuorgen nei de putten groeven. Dizze wurksumheden binne der yn dizze coronatiid ekstra by kaam. Lykas de renovaasje oan de replika fan kazemat 'De Wanhoop'.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by it Kazemattenmuseum
Ulbe Bakker by kazemat De Wanhoop © Omrop Fryslân

De Wanhoop

De earste replika is yn 2003 boud, mar trochdat it hout ferrotte en de grûn fersakke, is in flinke oanpak nedich. "Mar by it begjin fan de wurksumheden die al bliken dat ûnder it laachje modder sân leit. En dat spielt fuort mei rein, dus moast De Wanhoop opnij mei klaai opset wurde", seit Ulbe Bakker, ien fan de frijwilligers fan de bûtenploech.
"De Wanhoop is no net mear 'nabij', want wy hawwe it oprêden". De kazemat is ynsiedde en mei de hân bereind om te soargjen dat der gau wer gers op groeie sil. "Corona spilet ús yn 'e kaart om't wy no tiid hawwe om it allegear op te knappen. As it museum op 1 april iepen gien wie, hiene wy noch net klear west", sa beslút Bakker.
De frijwilligers kinne noch wol wat stipe brûke. Se roppe minsken op dy't meihelpe wolle oan it struktureel ûnderhâlden fan it terrein om har te melden fia de webside fan it Kazemattenmuseum.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei frijwilligers Jan Jager en Ulbe Bakker