Ljouwert riedt him ta op ferrommingen: "Frijbliuwende klanten hurd nedich"

20 apr 2021 - 22:30

Binnenstêdsmanager Hayo Galema fan Ljouwert is bliid dat winkels nei alle gedachten straks wer iepen meie, sûnder dat der fjouwer oeren yn 't foar in ôfspraak makke wurde moat. "It is frijbliuwender. Ik bin derfan oertsjûge dat it mear omset opsmyt." Dy ferromming fan it kabinet is hurd nedich, fynt er. "Skuldeaskers stjoere op dit stuit net in doarwarder nei je ta. Mar dat betsjut net dat de skulden der net binne."

Kabinet wol wer ferromje

Earder op de dei waard dúdlik dat it kabinet tiisdeitejûn bekend makket dat de terrassen en de winkels aanst wer iepen kinne, en dat de jûnsklok ferdwynt. Galema is dêr bliid mei. "De binnenstêd moat it hawwe fan de kombinaasje fan dingen. Efkes de stêd yn, efkes wat drinke, efkes nei in winkel."

It moat in kear weromfertsjinne

"Wy kinne net yn de húshâldboekjes fan de ûndernimmers sjen. Mar ik wit dat in soad skulden hawwe. Hierefterstannen, útstelde belestingen. It moat in kear weromfertsjinne wurde," sa jout Galema oan. "Guon winkels dogge it goed mei it winkeljen op ôfspraak, mar foar de measten is it hiel beheind."

Binnenstêdsmanager Hayo Galema fan Ljouwert

De binnenstêdsmanager tinkt dat de ferromming fan de coronamaatregels foar winkels goed mooglik is. "Winkels kinne goed de ôfstân bewarje mei in makimaal oantal minsken yn de saak. Dat hawwe wy al earder dien. En yn Ljouwert hawwe wy aldergeloks in romme binnenstêd. Wy oerlizze no mei de gemeente oer it fuotgongersgebiet en oer gasthearen. Dus dit is al moai."

Binnenstêdsmanager Hayo Galema fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dat der yn de praktyk by in soad minsken in drompel leit as sy online in ôfspraak meitsje moatte, merke se bygelyks by stoffewinkel Jan Sikkes. Bedriuwliedster Astrid Bruinsma: "Jan Sikkes moat it hawwe fan de struners. No hiene minsken mear haast, sy namen listen mei. Minsken wolle just efkes de tiid nimme om stoffen te fielen. Foar de klanten is it faak in grutte stap om te reservearjen."

Astrid Bruinsma fan stoffewinkel Jan Sikkes

As dy ôfspraken aanst net mear nedich binne, kin Jan Sikkes yn Ljouwert yn prinsipe wer folslein iepen. "Wy hawwe 600 kante meter, dus der meie wol 100 minsken binnen."

Bedriuwslieder Astrid Bruinsma fan stoffewinkel Jan Sikkes yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It liket derop dat de terrassen om 18:00 wer ticht moatte. Ton Eijer, foarsitter fan de hoareka yn Ljouwert is net wiis mei dy tiidlimyt: "Seis oere is fierstente koart, kollega's binne dan ek fernuvere en lilk."

Terrassen oant seis oere

De hoareka-ûndernimmers hiene leaver hân dat se de stuollen oant 20:00 bûten hawwe mochten. "It is hiel jammer op dizze wize. Minsken twa by twa oan in taffeltsje wylst se wol mei fjouwer op in bankje sitte meie, dat wurket net." Oan de oare kant binne se wol bliid dat der lang om let wer wat mooglik is. "In hiele protte kollega's geane wol wer iepen."

Eijer tinkt dat dizze ferrommingen in earste stap binne, en hy hopet dan ek gau op mear. "Stel as it goed giet, dan hoopje we gau op ferrommingen. Yn line mei de faksinaasjes."

Nei it park

Likegoed de hoareka-ûndernimmers as ek de BOA's binne benaud dat de betide slutingstiid gefolgen hawwe sil. Sa binne se benaud dat minsken dalik nei't se op it terras sitten hawwe, drank keapje yn de supermerk om dêrnei yn it park de jûn noch út te sitten. "Minsken binne noch midden yn de gesellichheid."

Eijer hopet dat de parsekonferinsje dochs noch in rommere iepeningstiid jaan sil foar de terrassen.

Ton Eijer, foarsitter fan de hoareka yn Ljouwert

De parsekonferinsje fan demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge begjint om 19:00 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân op de radio, en te sjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)