Lânskipsarsjitekt: huzebou út Deltaplan op It Hearrenfean en Drachten Zuid

20 apr 2021 - 16:51

Wat betsjutte de plannen foar 45.000 wenningen út it Deltaplan foar it lânskip yn ús provinsje? At it oan lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter leit komme dy wenningen op It Hearrenfean en it suden fan Drachten yn de foarm fan middelheechbou.

Stasjon Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De provinsje Fryslân biedt oan om ekstra huzen te bouwen yn ruil foar it oanlizzen en ferbetterjen fan treinspoaren yn it Noarden. Neffens lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter moat der konsintrearre wurde by besteand stedsk gebiet. Dat is noch net faak bard yn Fryslân. As foarbyld neamt De Ruyter it stasjon fan It Hearrenfean. "Als je daar het station uitloopt dan waai je bijna uit je kleren. Daar ligt wel echt een kans om de kwaliteit van de openbare ruimte te verbeteren."

Der steane no al hûzen mar de tichtheid rûnom it stasjon kin fergrutte wurde. Dat kin dan yn de foarm fan middelheechbou fan fiif of seis lagen heech. "Ik kan me voorstellen dat dat voor die plek wel een verbetering kan zijn."

Drachten is ek in foarbyld dêr't je fan sizze kinne dat dêr wenningen by komme. "Als daar een station komt dan zou je in Drachten Zuid kunnen investeren in een wat dichtere middelhoogbouw."

it foarstelde trajekt fan de Lelylijn - Foto: eigen foto

Gjin wenningen foar lytsere doarpen

Op it plattelân steane doarpen te springen om mear hûzen. Ek om harren eigen jeugd in plakje te jaan. Mar mear wenningen foar dizze doarpen moatte je skieden hâlde fan de 45.000 wenningen dy't bedoeld binne yn it Deltaplan, fynt De Ruyter. "Voor die woningen heb je de Lelylijn niet nodig. Ik denk dat je die twee zaken uit elkaar moet houden. De Lelylijn is echt bedoeld om de bestaande centra te versterken. Ik kan me ook voorstellen dat je het koppelt aan de werkgelegenheid in bijvoorbeeld Drachten", leit De Ruyter út.

Purmerend of Zoetermeer

Fraksjefoarsitter fan FNP, Sijbe Knol sjocht de wenningbou net sitten en warskôge moandei foar in ferpurmerendisearring. "Dat vind ik te populistisch uitgedrukt", reagearret De Ruyter dêrop. "Als je kijkt naar het centrum van Heerenveen en de rand van Drachten dan kun je daar echt wel wat toevoegen."

Wol soe De Ruyter pleitsje foar in lânskipsfûns. "Op een gegeven moment krijg je een waardevermeerdering van de gronden. Zeker in Drachten Zuid kan ik me dat voorstellen. Dat moet je koppelen aan investeringen in het integraal landschapsfonds. Daarmee kunnen we ook een bijdrage leveren aan de bodemdalingopgave en de biodiversiteit. Dat belangrijk voor de kwaliteit van leven in Friesland," seit De Ruyter.

Bredere fyzje

Neffens de lânskipsarsjitekt moatte de plannen foar de Lelyline fierder lutsen wurde as allinnich de wenningbou-opjefte. "Er komen enorm veel opgaven op het Friese landschap af, ook juist in dat deel waar het tracé van de Lelylijn zou moeten komen." De Ruyter doelt dêrmei op de boaiemdelgong, it ferlies fan biodiversiteit en de ûntwikkeling fan de lânbou tusken Drachten en It Hearrenfean. "Ik mis een beetje de integrale blik van hoe die lijn een onderdeel kan zijn van een veel bredere opgave."

De Ruyter mist in bredere fyzje. "Woningbouw is een belangrijk item ook in de onderhandelingen voor het regeerakkoord, maar het is natuurlijk maar één van de zaken. Zeker in het noorden van Nederland is juist de rust, de ruimte en de kwaliteit van het landschap enorm waardevol. Daar moet je heel zorgvuldig mee om gaan."

Peter de Ruyter

(Advertinsje)
(Advertinsje)