Ljouwerter buorrerûzje einiget yn bedriging mei in swurd

In 41-jierrige bewenner fan Ljouwert is tiisdeitemiddei oppakt foar bedriging mei in swurd. De plysje krige om kertier foar ienen in melding fan in bedriging op de Ype Poortingawei yn Ljouwert. It gie om in skeel tusken buertbewenners fanwege lûdsoerlêst op de jûn dêrfoar.
In buertbewenner hie de man oansprutsen op de lûdsoerlêst dy't hy feroarsake hie mei in freon. De buorman kaam binnen by de man dy't oerlêst besoarge hie, mar dêr pakte de freon in swurd en begûn der mei te swaaien en te driigjen.
De buorman is doe syn eigen hûs wer yn flechte en hat de plysje belle. By de wenning is de 41-jierrige fertochte oanhâlden en it swurd is yn beslach naam. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak.