Deistich tal besmettingen wer omleech: 162 nije coronagefallen

20 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 162 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 37 minder as moandei. Doe wienen it der 199. Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike 208 nije besmettings de dei bykaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 27 nije coronagefallen. Dêrnei folgje De Fryske Marren (26) en Waadhoeke (15).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden ek gjin nije sikehûsopname yn ús provinsje meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne tiisdei 6.871 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike alle dagen 7.711.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)