Operaasje Fryske Flagge: Richard sit yn in kleaster yn Frankryk

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Richard Stegenga, hy sit yn it kleaster fan de broeders fan Saint Jean yn Frankryk.
© Omrop Fryslân
Richard is op dit stuit 50 jier en wennet sûnt septimber 2019 yn St Jodard, yn de Loire regio. Fan dat momint ôf is hy ek dwaande mei syn kongregaasje, it yntreden by de bruorren fan St. Jean. Syn doel is om úteinlik in broer fan Sint Jan (Sint Jean) te wurden. Dit is lykwols in trajekt fan sa'n sân jier.
De kar om him oan te sluten by de bruorren fan Saint Jean siet der al in tal jierren oan te kommen: "Ik wie op syk nei myn plak yn it libben, dat hat in hiel skoft duorre, en úteinlik haw ik de bruorren fan Saint Jean kennen leard yn Utrecht."

Oplieding

Mar om echt by de kleasterlingen te hearren is in oplieding nedich, en dy kin allinnich yn Frankryk folge wurde, fandêr dat Stegenga no yn it kleaster yn St Jodard sit.
Op 9 maaie mei Stegenga de tydlike ûnthjitting dwaan, hjirmei einiget it earste part fan syn stúdzje yn it kleaster. Hy wol dizze tasizzing yn it Frysk dwaan.
Dêrnei begjint it twadde part fan syn learwei by de bruorren fan Saint Jean: in stúdzje filosofy en in staazje. Mei úteinlik in tredde part dat bestiet út in teology-oplieding fan trije jier.

Fan skiekunde nei it kleaster

As jongfeint hat Richard skiekunde studearre en hat er wurke as programmeur. Mar om syn 30e jier hinne kaam hy yn in krisis telâne. Achterôf tinkt Richard dat je sprekke kinne fan in burn-out. Hy hat doe ôfstân naam fan de hektyk, en hat in jier yn in kristlike kibboets sitten. "Ik bin in bytsje yn it spoar rekke fan it tsjerke, fan de fraach wêrom't ik hjir bin."

Bân mei Fryslân

Fryslân is foar Richard thús. Hy komt fan De Jouwer, en hat ek noch famylje yn de provinsje wenjen. Somtiden mist hy de romte en it ljocht sa't it hjir oer de greiden falt. Mem moast wol efkes slikke doe't Richard foar St. Jodard keas, mar yntusken fynt se it okee.
Harkje nei in petear mei Richard Stegenga
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.