HEA! Heidenskipster gieltsjes
Jeldert Oenema fan It Heidenskip is 21 jier en folget de oplieding tún- en akkerbou. Fan syn staazjeboer krige hy in pallet mei poatierappels en dat wie it begjin fan syn leafde foar ierappels. Fan dy tiid ôf ferbout hy alle jierren op syn eigen stikje lân syn eigen Heidenskipster gieltjes.