Raynaud Ritsma komt mei alternatyf no't corona it bernesjongfestival belet

20 apr 2021 - 13:49

It Sjongfestival foar bern giet dit jier net troch fanwege it coronafirus. Dêrom komt Omrop Fryslân Tsjil mei in spesjale rige dêr't Raynaud Ritsma in nij ferske yn betinkt en makket mei skoalklassen.

Foto: Omrop Fryslân

Raynaud Ritsma

It programma draait om de wille fan muzykmeitsjen en it ynspirearjen fan skoallen ta Frysk muzykûnderwiis. Fjouwer skoallen krije de opdracht om mei help fan twa professionals yn ien dei in ferske te meitsjen. Se krije de kar út rock, country, dance en hiphop. De tekst skriuwe se sels, oer in ûnderwerp dat sy belangryk fine.

Omrop Fryslân freget de help fan alle Fryske basisskoallen, om safolle mooglik toanen te sammeljen. Dy moatte de reade tried troch de útstjoeringen hinne foarmje. De oprop is om safolle mooglik ferskate lûden yn te stjoeren, nei info@sjongfestival.frl. Fan in fytsbel oant in dwersfluit, fan in gjalp oant in saksofoan, fan in sjongtoan oant in doar dy't tichtklapt, alles is mooglik. De oprop jildt foar alle bern, mar fansels meie âlden en pakes en beppes ek meidwaan.

Fan 17 maaie ôf is it Sjongfestival moandeis te sjen fia youtube, instagram, Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)