Rapport Eringa: Thialf hat allinnich takomst mei strukturele oerheidsstipe

Om iisstadion Thialf oerein te hâlden is struktureel mear oerheidsstipe nedich. Dat stiet yn it rapport 'Samen Thialf' fan Pier Eringa.
Rapport Eringa
It giet net om lytse bedraggen: de gemeente Hearrenfean en de provinsje Fryslân moatte tegearre struktureel acht ton yn it jier bypasse. Fierder is ek in bydrage nedich fan it Ryk foar needsaaklike ynvestearrings, lykas de bou fan in nije iishockeyhal. Eringa sil syn rapport tiisdeitemiddei presintearje op It Hearrenfean.

Struktureel tekoart

Swarte sifers skriuwe is neffens Pier Eringa ridlikerwiis net mooglik foar iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Hy hat kritysk nei alle ynkomsten en útjeften sjoen. Thialf iepen hâlde as top-iisbaan kostet 4,2 miljoen op jierbasis, de ynkomsten binne net mear as sa'n 2,8 miljoen. Dat betsjut dat der in struktureel tekoart is fan 1,4 miljoen euro. Neffens Eringa kin Thialf allinnich oerlibje as oandielhâlders en de strukturele brûkers fan Thialf as NOC*NSF en de KNSB ree binne om by te dragen.
Thialf hat earder al foars besunige troch ûnder oare te snijen yn it tal meiwurkers. Fierder besunigje is neffens Eringa net mooglik. Hy fynt it fierder problematysk dat Thialf gjin finansjele middels hat foar it dwaan fan de nedige ynvestearrings, lykas de bou fan in nije iishockeyhal. Foar grut ûnderhâld en de nedige ynvestearrings is neffens Eringa sa'n 2,5 miljoen euro yn 't jier nedich. Eringa fynt it net ûnreedlik om hjirfoar in berop te dwaan op it Ryk fanwege de funksje fan Thialf as ynternasjonaal topsportsintrum.
© Orange Pictures

Net nuver

"Om topsport te bedriuwen yn in iisstadion as Thialf, dêr moat gewoan jild by", seit Pier Eringa. Hy fynt dat op himsels net sa raar, want ek foar oare topsportlokaasjes yn Nederlân lykas de roeibaan yn Amsterdam of it swimbad fan Eindhoven jildt itselde. It is by in topsportsintrum eins altyd sa dat der jild fan gemeente en provinsje by moat." Yn de plannen om Thialf te bouwen siet neffens Eringa 'in stik optimisme'. "Oan de foarkant fan sa'n projekt wurdt faak in berekkening makke dy't achterôf net blykt te klopjen."
It rapport 'Samen Thialf' is neffens Eringa wol in basis om nei de takomst fan it iisstadion te sjen. "Alle partijen binne it no iens oer de sifers en de berekkeningen," Eringa sjocht ek reewilligens by belutsen partijen as NOC*NSF en de KNSB om mear by te dragen oan Thialf. "Ek dy partijen rekke har út. Dan bliuwt der in gat oer. No, dêr moat in oplossing foar fûn wurde. Mar sûnder oerheidsstipe giet it net."
Pier Eringa oer de konklúzjes yn syn rapport
It rapport 'Samen Thialf' waard tiisdei presintearre yn it iisstadion © Omrop Fryslân
Maurits Hendriks oer de ekstra bydrage fan sportkoepel NOC*NSF