Gjin politike belangstelling foar needgjalp út Moarre

20 apr 2021 - 13:34

De minsken dy't oan it begjin fan de moanne mear as 4.000 poppen yn in greide by Moarre set ha, om oandacht te freegjen foar flechtlingen, sizze dat de aksje eins gjin politike reaksjes opsmiten hat. Allinne it fallen Keamerlid Sidney Smeets (D66) hat reagearre, seit inisjatyfnimmer Wini Weidenaar. Smeets rekke yn opspraak neidat er beskuldige waard fan it stjoeren fan seksuele berjochten oan minderjierrigen.

Foto: Martijn Heemstra

Weidenaar seit dat de inisjatyfnimmers alle partijen yn Den Haag, alle Fryske gemeentebestjoeren, en alle Fryske en Grinslanner Keamerleden persoanlik oanskreaun ha, en dat dêr mar ien reaksje op kaam is, fan in Keamerlid dat no gjin Keamerlid mear is. "Dy stie der sympatyk tsjinoer. Hy sei dat hy ús ferhaal ûnder de oandacht bringe woe."

Begjin april stiene der tûzenen selsmakke poppen yn de greide by Moarre, om in gesicht te jaan om de flechtlingekrisis. Eltse pop stiet symboal foar in bern sûnder âlden yn in flechtlingekamp, lykas Moria yn Grikelân. Ut hiel Nederlân wei binne der poppen nei de Fryske greide brocht.

Teloarstelling

Dat der gjin reaksjes kaam binne, fernuveret Weidenaar. "We hiene net tocht dat in brief nedich wie, want der wiene mear as 3.000 minsken dy't hjiroan meiholpen ha", seit se. "Dat is wol teloarstellend. Miskien wolle wy te fluch, mar dy bern wachtsje al hiel lang."

Weidenaar freget har ôf oft boargers noch wol mei sokke inisjativen komme, as der fanút Den Haag net op reagearre wurdt. Se wit noch net oft der noch nije aksjes komme, om omtinken te freegjen foar de flechtlingebern. "Je wolle net ophâlde, mar wat moatte je dwaan. We ha noch wol wat op de aginda stean, mar dat soe eins net nedich wêze moatte."

Earder makken we dizze reportaazje oer it kamp Moarre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)