Sletten ôfdieling sikehûs Tjongerschans wer iepen nei útbraak

20 apr 2021 - 11:59

De ôfdieling ynterne genêskunde fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean is wer iepen. Ferline wike kundige it sikehûs in opnamestop oan. Fjouwer meiwurkers en ien pasjint wiene besmet rekke mei it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Alle meiwurkers waarden nei de fêststelling fan de besmettings frege om in coronatest te dwaan. De pasjinten binne dêrnjonken in skoftlang yn isolaasje ferplege. Ut ûndersyk kamen nochris trije besmettingen nei foaren.

Yntusken binne der foldwaande negative testen om wer feilich iepen te kinnen, meldt it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)