Ljouwerter wol ien helpe, mar wurdt sels berôve

In 33-jierrige ynwenner fan Ljouwert is moandeitejûn berôve, nei't er ien helpe woe.
© Omrop Fryslân
It slachtoffers seach jûns om healwei alven hinne ien op de grûn lizzen op de Willem Loréstrjitte. De man sette de auto dêrop oan de kant en stapte út om de persoan te helpen. Mar foar't er it wist, krige er wat tsjin de rêch drukt, en waard syn telefoan ôfpakt.
Om't it slachtoffer tocht dat it mooglik wolris in wapen wêze koe dat tsjin syn rêch drukt waard hat er oeral oan meiwurke. De dieders hawwe njonken de telefoan ek noch in laadsnoer út de auto stellen. Dêrnei binne se mei har beiden op in fyts útnaaid.