CDA set riedslid út fraksje nei argewaasje oer rekreaasjewenten

20 apr 2021 - 12:15

CDA-riedslid Geeske Holtrop-Hoekstra is troch har kollega's út de gemeentlike fraksje fan De Fryske Marren set. De partij en it riedslid hawwe argewaasje oer inkele rekreaasjewenten op it hiem fan Holtrop-Hoekstra.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Riedslid Holtrop-Hoekstra hat al jierrenlang in feehâlderij en rekreaasje-akkommodaasje, mar de rekreaasjewenten foldogge op dit stuit net oan de wetjouwing. Neffens Holtrop-Hoekstra wurdt hjiroan wurke, en hat sy hjir mei opsetsin gjin rol yn spile, om belangeferfrisseling foar te kommen.

Neffens it CDA wurdt der al langer oer de kwestje praat mei Holtrop-Hoekstra, mar binne har antwurden op fragen fan de partij net goed genôch. Se hawwe dêrom it beslút naam om har út de partij te setten. Neffens fraksjefoarsitter Jan van Zanden is it net akseptabel dat in fraksjelid har dwaande hâldt mei saken dy't net oan de wet foldogge.

Holtrop-Hoekstra is ferbjustere troch it beslút fan har partij: "Ik begryp der neat fan." Se fynt dat de fraksje privee en riedslidskip los fan inoar sjen moat. Dêrnjonken seit se dat der troch har famylje hurd wurke wurdt oan in oplossing.

Ienmansfraksje

Holtrop-Hoekstra hat it beslút naam om fierder te gean as ienmansfraksje. Neffens Van Zanden giet dit lykwols yn tsjin ôfspraken dy't earder makke binne. De CDA-riedsleden soene oan it begjin fan harren termyn nammentlik in ferklearring ûndertekene hawwe dat se by ôfskieding fan de partij de sit net meinimme soene. It bestjoer fan de partij sil no sjen nei de kwestje.

Riedslid Holtrop-Hoekstra seit lykwols dat de sitewaasje no oars leit: "Ik bin der net sels útgien, ik bin der útset." Se fynt de argumintaasje fan de partij net goed genôch om de sit op te jaan. Dêrnjonken hat se by de foarige ferkiezingen in soad foarkarstimmen krigen, en wol se dizze minsken fertsjintwurdigjen bliuwe yn de ried.

Harkje hjir nei in reaksje fan Jan van Zanden en Geeske Holtrop-Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)