Fryske hûzefabryk: Foar massaal bouplan moatte fergunningen flugger

De Fryske bougroep Dijkstra Draisma hat wol earen nei de bouplannen dy't de noardlike provinsjes mei mekoar oankundige ha, om de lanlike wenningneed op te lossen. It bedriuw hat in 'hûzefabryk': wenningen kinne dan 'kant en klear' yn mekoar set wurde.
Sjoch nei de bylden fan Nieuwsuur (NOS/NTR)
De plannen ha allinne kâns, as oerheden earder fergunningen ôfjouwe. Dat seit direkteur Biense Dijkstra fan de bougroep tsjin Nieuwsuur. "As de fergunningen net flugger ôfjûn wurde, realisearje we de ambysjes net. In stadige fergunningsferliening stiet de ambysjes yn it paad."
Foar syn 'hûzefabryk' hat er in foarbyld naam oan de auto-yndustry. "We wiene it earste bedriuw mei in mitselrobot. Dy bestie gewoan noch net."
De provinsje Fryslân wol 45.000 huzen bouwe, yn ruil foar it oanlizzen en ferbetterjen fan treinspoaren yn it Noarden. Dat betsjut dat Fryslân der in stêd sa grut as Ljouwert by kriget.