Kollum: "Sjachelders ferneuke de mienskip"

20 apr 2021 - 08:16

"As it no by ús yn 'e strjitte is of by jim, oeral en rûnom sjochst itselde fenomeen oft der in hûs te keap stiet. Foar de sjeu wurde der twa besjochdagen organisearre, mar de wenningneed is sa grut, dat it allinne mar giet om it bod dat oan 'e ein fan dy dagen útbrocht wurde kin. In bod dat standert net yn ferhâlding stiet ta de kwaliteit fan it hûs.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Foar de suterichste wenten wurde prizen bean dêr'tst jierren lyn net allinne om útlake waardst, mar mei gûlende sirenes ôffierd nei it kranksinnigegesticht.

Behalve dat iene firus, kinne wy wat de wenningneed oangiet prate fan in twadde firus, in twadde pandemy. De krapte op de wenningmerk hat oars net allinne te krijen mei de trek fan stedsjers nei de regio. De situaasje dêr't wy no yn sitte komt troch belied, ekonomy en benammen it tekoart oan polityk trochpakken. Der binne fierstente min hûzen, in gegeven dat makelers en minsken yn 'e bou al hiel lang roppe. De eangst foar krimp hat oerheden lykwols wat wenningbou oangiet tebekhâldend makke.

Hjir yn Fryslân is it benammen de FNP dy't besiket it ferskynsel krimp yn 'e kiif te setten. Mear as terjochte, sjoen de maatskiplike ûntjouwings: krimp is in relatyf begryp. Lykwols is der mear oan 'e hân. En dat is it opkeapjen fan hûzen troch sjachelders of fêstgoedbazen. Sokken kape gaadlike hûzen foar de noas fan belangstellenden wei, om dy dêrnei pontifikaal yn 'e ferhier te smiten. Yn de measte gefallen giet it om ferhier de keamer, fariearjend fan sa'n fjouwer oant fiifhûndert euro de romte.

Yn de folksmûle wurdt soks in 'Poalehotel' neamd. Bedoeld foar arbeidsmigranten út it Eastblok. Minsken dy't der faaks in pear wiken yn sitte, om dan wer troch oaren ferfongen te wurden. It probleem mei sokke konstruksjes is dat arbeidsmigranten net fan doel binne om harren permanint te fêstigjen, en dus ek gjin muoite dogge om te yntegrearjen. It ûnderhâld fan de wenten hat ek gjin prioriteit, om mar ris in eufemisme te brûken. Yn in protte gefallen is der ek sprake fan oerlêst.

Ik wol mar sizze: wenjen is mear as wenjen. It is jins ekonomy, it is jins mienskip, it is jins karakter fan strjitte, wyk of doarp. Dat wurdt troch soks nei de bliksem holpen. En alle kearen sjogge je op besjochdagen jonge stellen delkommen, soms mei âldelju, soms mei freonen of kunde. Starters mei dreamen, dêr't se in spoarke fan efterlitte yn de strjitte of wyk dêr't se west ha te sjen. Dreamen dy't dêrnei teneate dien wurde troch in poehamakker yn in Audi of in Mercedes dy't skyt hat oan in mienskip. Behalve de driuwende needsaak om mear hûzen te bouwen, soe dêr ek ris wat oan dien wurde moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)