"Terrassen iepen, ein oan jûnsklok, en net langer winkelje op ôfspraak"

20 apr 2021 - 07:40

Nei alle gedachten is it aanst net mear nedich om in ôfspraak te meitsjen foardat je nei de winkel geane. Wol bliuwt der in maksimum oantal klanten, en der soene minsken komme dy't derfoar soargje dat it net te drok wurdt. Dat soe ien fan de maatregels wêze dy't oankundige wurde yn in nije parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge.

Premier Rutte - Foto: ANP

Op dit stuit is der yn winkels maksimaal ien klant tastien op 25 kante meter winkelromte, mei in maksimum fan 50 klanten yn ien winkel. Minsken dy't wat keapje wolle, moatte har fjouwer oeren fantefoaren telefoanysk of online oanmeld ha.

De parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge begjint om 19:00 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân op de radio, en te sjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.

De ferrommingen soene yngean moatte op 28 april. Dat meldt de NOS op basis fan minsken dy't op de hichte binne fan de plannen. In wike earder kaam it kabinet net mei ferrommingen fan de maatregels, ek al seach it dêr earder wol nei út.

Nei mear as trije moannen liket der no ek in ein te kommen oan de jûnsklok, en terrassen soene, ûnder strange betingsten, wer iepen meie. It oantal besikers dat yn de hûs komme mei, soe útwreide wurde, fan ien nei twa. In definityf beslút dêroer moat neffens it parseburo ANP noch naam wurde.

It kabinet woe earder al ferrommingen fan de maatregels oankundigje, mar foarige wike koe it noch net, omdat it oantal sikehûsopnames noch altyd omheech gong. Dat liket no stabyl, en dus soe der no wol romte wêze, meldt it ANP, wylst de Volkskrant skriuwt dat sikehûzen it personiel freegje yn maaie mei de fakânsje troch te wurkjen. De druk dy't de coronapandemy op de sikehûzen leit, is sa heech, dat ferlof foar dokters en ferpleechkundigen hast net mooglik is.

Trefwurden: 
coronafirus terras winkele
(Advertinsje)
(Advertinsje)