CBS: Coronakrisis noch net te sjen yn ôfname oantal winkels

20 apr 2021 - 06:57

Al jierren giet it oantal fysike winkels yn Nederlân stadichoan omleech. Yn it coronajier 2020 is dy delgong, oars as miskien ferwachte waard, net sterker as yn de jierren dêrfoar. Dat blykt út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn Fryslân binne der grutte ferskillen tusken de gemeenten. Sa gong it oantal winkels per 1000 ynwenners, de saneamde 'winkeltichtheid', it measte omleech yn de gemeente Achtkarspelen. Ut de telling fan it CBS blykt dat der op 1 jannewaris fan dit jier 7,6 persint minder winkels wiene yn Achtkarspelen as in jier earder.

Eilannen

Op Skiermûntseach gong de 'winkeltichtheid' mei mear as 7 persint omleech. Yn lytse mienskippen sa as op Skier is it oantal winkels per 1000 ynwenners sowieso al hiel heech, omdat der foar dat lytse tal minken dochs al gau in oantal basiswinkels nedich is. Sa blykt út de sifers ek dat de winkeltichtheid op Skylge bot tanaam. Dêr jildt ek dat it getal in fertekene yndruk jout, omdat it oantal ynwenners lyts is, mar it oantal winkels ek. As dan ien of twa winkels ferdwine, jout dat al gau in grutte ferskowing yn persinten.

Skriuwguod en kompjûters

Lanlik sjoen ferdwûnen de measte winkels dy't lektuer en skriuwguod ferkeapje. It tal ferkeapers dat him taleit op it ferhanneljen fan kompjûters en software naam bot ta. Boekhannels, kleansaken en grientewinkels namen sterk yn oantal ôf. By de saneamde 'non-food winkels' is eins oeral in delgong te sjen, wylst bygelyks it oantal bakkerijen en oare itenswinkels groeide. It tal supermerken naam ek ta.

Trefwurden: 
CBS winkels
(Advertinsje)
(Advertinsje)