Eintoets groep acht: hoe skoart dyn basisskoalle?

20 apr 2021 - 09:45

De measte learlingen yn groep acht begjinne tiisdei wer oan de eintoets yn it basisûnderwiis. Mei it advys fan harren juf of master bepaalt de toetsútslach nei hokker nivo op de middelbere skoalle de bern trochstreame. Omrop Fryslân hat yn kaart brocht hoe't de Fryske basisskoallen skoare.

Eintoets groep acht

Yn it skoaljier 2018-2019, no twa jier lyn, waard der foar it lêst in eintoets ôfnommen. Ferline skoaljier gie de sintrale toets lanlik net troch fanwege de coronakrisis. Op ûndersteande kaart binne de resultaten te sjen fan de Fryske skoallen by de lêst ôfnommen toets.

Foto: ANP

De bêst skoarende skoalle is 't Fonnemint yn Sint-Anne, in iepenbiere basisskoalle. Yn it skoaljier 2018-2019 leinen 21 learlingen dêr de toets ôf, wêrby't se in gemiddelde skoare fan 544 punten behellen. De útslach fan dy toets kin tusken de 500 en 550 punten lizze. Op in skaal fan 0 oant 100 prosint hellet de skoalle dêrmei it earste plak yn ús provinsje, mei in skoare fan 88,3 prosint.

Kristlik of iepenbier

De rest fan de top 10 wurdt foaral ynnommen troch skoallen mei in kristlike denominaasje, dus skoallen dy't bygelyks protestantsk of katolyk binne. Oer de hiele liny besjoen makket it net folle út oft in skoalle kristlik of iepenbier is.

Iepenbiere skoallen yn Fryslân skoarden twa jier lyn yn trochsneed 61,9 fan de 100 prosint. Kristlike skoallen skoarden gemiddeld wat leger: 61,5 fan de 100 prosint. Yn ûndersteande tabel binne alle skoallen dêr't yn it skoaljier 2018-2019 in toets ôfnommen waard, werom te finen. Ek de denominaasje en it ferrin fan de skoares yn de lêste fiif jier binne yn de tabel werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)