Lekkumers wolle gjin nije "massaskoalle" op sportfjild keatsferiening

Yn Lekkum is der argewaasje ûntstien oer de mooglike bou fan in nije basisskoalle. De besteande Prof. Wassenbergh Skoalle is te lyts foar de mear as twahûndert learlingen. De gemeente Ljouwert wol in nije skoalle bouwe op it sportfjild dêr't no de keatsferiening sit en jierliks it doarpsfeest hâlden wurdt. In soad Lekkumers binne it der net mei iens dat it gebou op dat plak komme moat.
Ek is in grut tal ynwenners benaud dat it te drok wurdt mei it ferkear fan âlden dy't harren bern bringe en ophelje. Peter Landstra fan de keatsferiening ergeret him foaral oan it gebrek oan ynformaasje út it doarpsbelang en de gemeente wei. "Wy witte net wêr't we oan ta binne. We ha meardere ferieningen dy't it dwaan moatte hjir op dizze hoeke. En wat moatte wy no as keatsferiening, VVV, doarpshûs. Se ljochtsje net ien yn."

Kommunikaasje moat better

De nije skoalle wurdt grut neffens Landstra. "In massaskoalle fan 250 bern. Safolle ynwenners ha we hast net iens yn Lekkum." Hy tinkt dat de nije wyk Blitsaerd, tusken Lekkum en Ljouwert, in better plak is foar de skoalle. "Lit de skoalle dêr mar hinne gean en lit ús it fjild hjir mar hâlde." In oare Lekkumer is benaud dat minsken nei oare doarpen ferhúzje sille, om't it karakter fan in doarpsskoalle ferlern giet.
Der moat gau dúdlikheid komme oer de plannen en de kommunikaasje moat better, fine de ûngerêste Lekkumers. "We hoopje dat we op in konstruktive manier mei-inoar yn petear kinne. Dat we ta in oplossing komme dêr't elkenien him yn fine kin."
Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei ynwenners fan Lekkum
Direkteur Albert Helder fan skoalkoepel Proloog