Noed oer 'doemsenario' lûdsoerlêst fleanbasis Ljouwert

19 apr 2021 - 22:03

Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert wolle dat der aksje ûndernaam wurdt om de oerlêst te ferminderjen. Der moat sjoen wurde oft op in oare wize flein wurde kin. Sûnt de komst fan de F-35 nimt it tal klachten wer ta. It tastel makket folle mear leven by de start en de lâning.

In F35 op de Ljouwerter fleanbasis - Foto: ANP

Geert Verf fan de kommisje lûdshinder wennet yn Marsum en hâldt him der in soad dwaande mei. Hy is yn gearwurking mei Definsje en it Nationaal Lucht- en Ruimtevaartcentrum (NLR) oan it besjen wat better kin. Ien fan de omwenners stelt net mear sûnder lûdsbeskerming bûten sitte te kinnen. In oar fernimt dat de isolaasje net mear foldocht oan de easken. Ofslutingen by de ruten binne bygelyks útdrûge. Wat helpe kin, is in bettere isolaasje fan de wenningen.

Mar der binne mear oplossingen mooglik neffens Verf. "Wy moatte mei mekoar om tafel om te sjen oft dy militêre fleantugen ek op gruttere hichte fleane kinne. Der binne in soad ferbetterpunten mooglik."

Mear klachten

It tal klachten yn 2020 wie heech. Der kamen 1326 klachten binne fan 372 unike klagers. Marleen Molema fan de fleanbasis stelt dat se begryp hat foar de klachten. Dochs is it net mooglik alle klachten op te lossen. Der wurdt altyd ûndersocht oft de klachten terjochte binne en oft de fleaners har hâlden ha oan de regels.

De oerlêst is tanaam, omdat de F-35 folle mear desibels produsearret as ferwachte. Mar yn kombinaasje mei mooglik de komst fan in tredde squadron en in ferromming fan it oefengebiet is Verf benaud dat de oerlêst grutter wurdt as ea. "Dat is in doemsenario en dat wolst echt net hawwe. Dit kin net wier wêze, it kin oars."

Geert Verf

Der wurdt wurke oan plannen om it Nederlânske loftrom opnij yn te rjochtsjen. It grutste part fan Noard-Nederlân wurdt dan oanwiisd as oefengebiet fan de loftmacht. De boargerloftfeart giet dan oer it súdlike part. Op it stuit wurdt der noch hurd wurke oan de plannen. Ein dizze moanne wurdt de provinsje ynformearre. Nei de simmer moatte de plannen foar de wersjenning fan it loftrom klear wêze.

By Definsje ha se begryp foar de soargen fan de omwenners. Dochs tinkt kommandant Olav Spanjer dat de oerlêst miskien ek wol tafalle kin. Der komme minder tastellen en dus wurdt der ek minder flein, sa seit er. Ek wurde net alle oefeningen boppe lân dien. De hinder kin dus ek minder wurde.

Bûtenlânske tastellen

Der is noed oer dat as it loftrom hjir oefengebiet wurdt, der ek in soad bûtenlânske tastellen komme om te oefenjen. Dêr is neffens Spanjer gjin sprake fan. "Je kunt niet zomaar geluid over de grens exporteren. Daar hebben ze dezelfde zorgen als hier."

As it oan Verf leit, gean se sa lang troch oant dat der wat feroaret. "It binne net twa of trije doarpen dy't der lêst fan hawwe, mar it is in grut part fan Fryslân wat der lêst fan hat. Elke dei krij ik wol in telefoantsje of in mailtsje en dat motivearret je om troch te gean, want do dochst it net foar dysels. Do dochst it foar in hiele gruttte groep minsken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)