Foeke Booy bliid mei earedifyzje: "Anders was ik weggegaan"

As SC Cambuur net promovearre wie, dan hie Foeke Booy nei dit seizoen fuortgien. Dat fertelt de technysk manager fan de Ljouwerters moandei yn de SportCast. Mei Booy sjogge we foarút nei folgjend seizoen, wannear't Cambuur besykje sil om yn de earedifyzje te bliuwen. It giet oer Robert Mühren, Marco Tol en noch folle mear.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De lêste wiken hat de klup drok dwaande west mei kontraktferlingingen fan spilers. Mar it is ek de fraach hoe't it komt mei it kontrakt fan Foeke Booy sels. Dat rint ek ôf nei dit seizoen. Hy wol graach bliuwe, mar: "Ik had één voorwaarde. Als we niet zouden promoveren, zou ik naar huis gaan. Dan zou ik weg gaan."
Dat is no net oan de oarder om't de Ljouwerters takom seizoen yn de earedifyzje spylje. Wêrom soe Booy fuort wolle, as Cambuur noch in jier yn de earste difyzje spylje moatten hie? "Met dit budget zag ik het niet meer zitten om weer helemaal opnieuw te beginnen. Het budget zou ook minder worden." En dus kin de berne Ljouwerter op koarte termyn in nij kontrakt ûndertekenje. "Alles klopt hier, bij de manier van werken voel ik me echt fantastisch. Daar wil ik graag mee door en Cambuur ook."
Ek giet Booy noch efkes yn op inkelde spilers dy't in ôfrinnend kontrakt hawwe. Sa hopet er dat oanfierder Erik Schouten op koarte termyn bytekenje sil, mei Doke Schmidt is de klup yn petear en mei Jarchinio Antonia, Giovanni Korte en Ragnar Oratmangoen sil Booy letter ek noch yn petear.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.