H'fean ferliest fan Beerschot

21 jul 2012 - 17:38

SC Hearrenfean hat sneon yn De Knipe it oefenduel tsjin de Belgyske earsteklasser Beerschot mei 1-0 ferlern. De Belgen, dy't it ôfrûne seizoen as alfde einigen yn de kompetysje, makken it iennichste doelpunt yn de twadde helte. Vusumuzi Prince Nyoni makke de goal. Hearrenfean krige foaral yn de earste 45 minuten in pear kânsen, mei ûnder oare in bal op de latte.

Yn de twadde helte sakke de formaasje fan trener Marco van Basten fier fuort en wie Beerschot úteinlik de terjochte winner. Der wienen sa'n 2500 taskôgers by it oefenduel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)