FIDEO: "Ik maak me zorgen over een jongetje bij ons op de groep"

19 apr 2021 - 18:40

Wa sjocht it as in bern mishannele wurdt? En wat kin dy dan dwaan? Yn de sechsde ôflevering fan de searje Fan binnenút is programmamakker Miranda Werkman by berne-opfang Kinderwoud om te sjen hoe't sy dit oanpakke. En wêr kinst terjochte mei fragen en meldingen oer bernemishanneling?

De telefoantsjes of berjochten fan minsken dy't advys freegje of in melding dogge oer bernemishanneling wurde behannele troch Veilig Thuis Friesland. Telefoantsjes fan professionals lykas meiwurkers fan de berne-opfang en juffen, mar ek fan pakes, buorlju of slachtoffers sels. Mar net elkenien doart kontakt op te nimmen, faak út eangst dat de bern fuort út 'e hûs helle wurde.

Yn Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De rige jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Fragen oer of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of húslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis. Op de webside fan Veilig Thuis steane ek faak stelde fragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)