Bedriging by Cambuur: earefoarsitter en leden stichtingsbestjoer stappe op

Der is op 'e nij rebûlje ûntstien yn de bestjoerskeamer fan SC Cambuur. Fjouwer fan de fiif leden fan it stichtingsbestjoer hâlde der fuortendaliks mei op. Dat jildt foar foarsitter Cees Anceaux, Dirk Bootsma, Wim de Keijzer en Bert van Dijk. Reden fan it opstappen is dat der leden bedrige binne. Allinnich Hayo Apotheker bliuwt yn it stichtingsbestjoer sitten oant 1 maaie.
Supporters fan Cambuur fiere de promoasje nei de earedifyzje © ANP
In oantal wiken lyn wie it ek al ûnrêstich op de burelen fan de klup. Der binne ôfspraken makke oer it ophâlden fan twa kommissarissen en de leden fan it stichtingsbestjoer. Dizze leden soene der op 1 maaie mei ophâlde, mar wol oant 1 juny harren opfolgers begeliede.
Der stiene fjouwer minsken op in kandidatelist foar twa plakken yn it stichtingsbestjoer. Fan de sertifikaathâlders, dy't jild yn de klup stutsen ha, wurde der twa fertsjintwurdige yn it stichtingsbestjoer. Ien fan de kandidaten is earefoarsitter Ype Smid, dy't ferline wike yn de SportCast noch sei dat de kâns 'nihil' wie dat er noch wat foar Cambuur dwaan soe op koarte termyn. Nei oanlieding fan dy kandidatuer binne Smid en leden fan it stichtingsbestjoer bedrige. Dy hawwe dêrom besluten der fuortendaliks mei op te hâlden.

"Zwichten voor geweld"

Trije fan de fjouwer kandidaten foar it nije stichtingsbestjoer hawwe harren weromlutsen, ûnder wa Smid. Datselde jildt dus ek foar fjouwer fan de fiif leden fan it hjoeddeistige stichtingsbestjoer. "We zwichten voor geweld en dat doet pijn", fertelt Anceaux. Smid lit witte oandien te wêzen troch de bedrigingen en yntimidaasje. Dy bedrigingen binne ôfkomstich fan in meiwurker fan Cambuur en komme ek út de hoeke fan de hurde kearn fan de klup. Smid tinkt deroer oanjefte te dwaan by de plysje.
En it bliuwt net by boppesteande. Ek de foarsitter fan de Kern van Cambuur, Kees Elzinga, tinkt deroer om dermei op te hâlden. Elzinga is ek bedrige en yntimidearre, sa lit hy witte. Fierder wol hy noch net reagearje. Elzinga wol woansdei earst it bestjoer fan de Kern van Cambuur op de hichte stelle. De kâns dat hy trochgiet mei syn wurk foar de supportersklup is uterst lyts.

Hayo Apotheker bliuwt

Fan it stichtingsbestjoer bliuwt allinnich âld-boargemaster Hayo Apotheker sitten. Apotheker lit witte dat hy him hâlde wol oan de ôfspraken dy't earder makke binne oer de datum fan opstappen fan it eardere stichtingsbestjoer. Dy datum leit op 1 maaie. Oant dy tiid bliuwt Apotheker dus op syn post. "Ik wil voorkomen dat de club in een juridisch vacuüm terechtkomt", sa lit Apotheker witte.
Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur lit witte dat hy hjir noch net it measte fan meikrigen hat. "Ik heb gemerkt dat er dit weekend wat turbulentie was", sa seit De Graaf. Mar, de drokte by de promoasje hat derfoar soarge dat de direksje him hjir noch net mei dwaande hâlden hat.
Cees Anceaux, lid fan it stichtingsbestjoer, en sportferslachjouwer Geert van Tuinen oer de kwestje