Oarsaak oerlêst radar Wier noch net dúdlik

19 apr 2021 - 17:31

It is noch hieltyd net dúdlik wat soarget foar de lûdsoerlêst fan de radarpost by Wier. Definsje is drok dwaande mei ûndersyk en kriget dêrby help fan saakkundigen fan produsint Thales.

De radar yn Wier - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Njonken lûdsoerlêst fan de radar wie der ek sprake fan steuringen yn wifi, lampen en ek telefyzjetastellen. Anna Elkerbout fan it ministearje fan Definsje stelt dat sy de klachten hiel serieus nimme. Sa is der in klachtloket iepene foar minsken dy't lêst hawwe fan de steuringen. Undersocht wurdt ûnder oare oft it lûd minder wurdt as der oare oalje brûkt wurdt.

Yntusken hat Definsje al maatregels naam. Sa is it saneamde 'zendspectrum' fan de radar, de frekwinsjes dy't de radar brûkt, beheind.

Der is ek ûndersyk dien nei de strieling fan de radar. It offisjele rapport moat noch komme mar út de earste konklúzjes docht bliken dat de strieling foldocht oan alle noarmen. Al wurdt kontakt opnaam mei de GGD Fryslân om omwenners dy't dêr fragen oer hawwe goed antwurd jaan te kinnen.

Trefwurden: 
Wier lûdsoerlêst radar
(Advertinsje)
(Advertinsje)