Surhústerfeanster krijt selstraf foar riden ûnder ynfloed en drugs dealen

19 apr 2021 - 17:24

In 32-jierrige ynwenner fan Surhústerfean is by ferstek feroardiele foar it riden ûnder ynfloed fan drugs, it riden sûnder jildich rydbewiis en foar it dealen fan speed. De rjochter feroardiele de man ta fiif moannen sel en in selstraf ûnder betingst fan trije moanne mei in proeftiid fan trije jier.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man waard op 9 april ferline jier yn Boelensleane troch de plysje oan de kant fan de dyk set. Hy hie speed en weed brûkt en hie ek fjouwer gram speed by him. Hy hie tsien kear mear speed yn syn bloed as tastien is en en twa kear safolle THC, de wurksume stof yn himp.

Neffens de offisier fan justysje hat de man hast oardel jier hannele yn drugs, foaral oan minderjierrigen. De fertochte fûn sels dat er net deald hat.

Foar it riden ûnder ynfloed krige hy in rydûntsizzing fan in heal jier. Syn rydbewiis wie al yn juny 2010 ûnjildich ferklearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)