Plysjes fiere aksje yn Ljouwert foar bettere cao

19 apr 2021 - 16:49

Plysjefakbûnen fiere dizze wike aksje foar in bettere cao. Yn Ljouwert wie moandei in aksje fan plysjeminsken. Yn in symboalyske prikstrjitte krigen se op it Aldehoustertsjerkhôf in spuit.

Foto: Kappers Media

De plysjes fine dat it regear mei in fatsoenlik leanbod komme moatte. De 1,3 prosint en in útkearing fan 300 euro foar ien kear fine se net genôch. Se hâlde fêst oan in ferheging fan 2,5 prosint en twa kear in útkearing fan 350 en 300 euro.

Neffens de fakbûnen wie de wurkdruk al heech en is dy yn de coronakrisis allinnich noch mar heger wurden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert aksje
(Advertinsje)
(Advertinsje)