Minister Van Engelshoven op besite by Fryske testevenemint-musea

19 apr 2021 - 16:45

Minister fan Kultuer Ingrid van Engelshoven brocht moandei in besite oan it Fries Museum yn Ljouwert en it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Dy twa musea binne dan foar it earst beheind wer iepen. Se dogge mei oan de rige testeveneminten om te sjen oft en hoe't alles yn Nederlân wer feilich iepen kin mei help fan coronatesten. Beide musea binne trije dagen iepen.

Minister Van Engelshoven op besite by musea

Van Engelshoven wie op moarntiid by it Drents en Groninger Museum. Middeis kaam Fryslân oan bar. "Ik ben blij dat dit museum meedoet aan de pilot met testen voor toegang," seit de minister by it Fries Museum yn Ljouwert. "We proberen uit of het werkt. We hopen allemaal dat de musea zo snel mogelijk meer ruimte krijgen om open te gaan. Dit doen we niet om tot in lengte dagen het testen te houden, maar vooral om nu eerder en sneller dingen mogelijk te maken."

Yn it Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

As minister fan Kultuer fynt sy dat keunst en kultuer der foar eltsenien wêze moat. "Dit museum heeft als regionaal museum een plek in de basis infrastructuur. Het is een icoon voor Fryslân en hopelijk voor veel mensen in het land een reden om naar Leeuwarden te komen."

Boadskip mei nei Den Haag

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum hopet dat hy de doarren gau wer folslein iepenje kin, mar bliuwt ek realistysk. "De minister heeft bevestigd dat musea onderdeel van het stappenplan om uit de coronacrisis te komen en dat ze in stap 2 aan de orde zijn. Wanneer we aan die stap toe zijn is lastig te voorspellen, de situatie beweegt als een dagkoers. Als het weer mag, ontvangen we het publiek met open armen. Onze boodschap was nu vooral een boodschap van blijdschap dat we nu weer even drie dagen open mogen zijn. En hopelijk straks weer voor iedereen. Wij zijn er klaar voor, die boodschap gaat nu mee naar Den Haag."

Minister Ingrid van Engelshoven en direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

It Jopie Huisman Museum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(Advertinsje)
(Advertinsje)