Fiif foefkes fan de boskwachter: dit kinst dwaan yn it tikeseizoen

19 apr 2021 - 15:53

Nei wiken fan nachtfroast, hagelbuien en kjeld komme dochs de maitiidsdagen om 'e hoeke. Mar dêrmei ek de tiken. It is de lanlike 'Week van de teek', mei dizze wike wurdt omtinken frege foar tikebeten en de gefaren dêrfan. Kontrolearje op tiken as je út it fjild wei komme is tige wichtich, want de risiko's fan in beet kinne grut wêze.

Foto: Shutterstock.com (Gabor Tinz)

"By de fjildmeiwurkers fan Steatsboskbehear is it beropssykte nûmer ien," seit boskwachter Gjerryt Hoekstra. "It is op himsels wol bysûnder, mar ik haw sels noch nea in tikebeet hân. Skynber fine se my net lekker. Mar ik moat ek sizze dat ik der goed om tink. Der binne ferskate foefkes om it te foarkommen."

"Lytse rotsekjes"

Hoekstra hopet dat eltsenien safolle as mooglik rekken hâldt mei tiken. "It binne lytse rotsekjes. Je kinne it je hast net foarstelle dat sa'n lyts dierke dy sa te pakken krije kin."

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear

In tikebeet kin gefaarlik wêze, bygelyks fanwegen de sykte fan Lyme. "Guon minsken krije der pas hiel let lêst fan. Mar der binne minsken dy't der suver arbeidsûngeskikt fan wurde. It kin in grut ferskaat oan symptoamen jaan. Senuwpine, net mear goed bewege kinne, gjin gefoel mear hawwe. As it in bytsje tsjin sit, hawwe je der in soad lêst fan. In ûnbekendere, mar miskien noch wol gefaarlikere sykte is it TBE-firus, dat kin in soarte harsenfluesûntstekking feroarsaakje." TBE stiet foar 'tekenencefalitis,' sûnt 2016 wit men dat tiken dit firus ek oerdrage kinne.

Klimaatferoaring

Hoefolle tiken der binne, kin alle jierren oars wêze, seit Hoekstra. "De temperatuer feroaret: wy sjogge dochs faker in waarmere maitiid, en minder winter. Dêr profitearje de tiken fan. Ik haw fan ferskate kollega's al wer heard dat sy tiken sinjalearre hawwe. En is der bygelyks in goed muzejier, dan hawwe de tiken ek in soad gashearen om op te oerlibjen. Dus it kin alle jierren wikselje."

Argyfbyld fan boskwachter Gjerryt Hoekstra - Foto: Omrop Fryslân

Guon tikesoarten wurde wol sân jier âld. "Tiken hawwe ferskate grutten. De skieppetyk komt hjir it meast foar, dy is hast sa grut as in lúsjeferskopke. Mar in tyk hat ferskate libbensfazen. De lytse kringen kinne it ek oerbringe."

Tips fan boskwachter Gjerryt:

1. Bliuw op de paden

"Bliuw op de paden rinnen. Dat sizze wy as boskwachters fansels graach, mar tiken sitte graach by heidefjilden, ikebosken en heech gers. Dat binne dus ek de plakken mei it measte risiko."

2. Klaai dysels goed

"Doch in lange broek oan en stek dyn broeksboksen by de sokken yn. Dan kinne se net by de skonken omheech krûpe."

3. Tsjek dysels

"As je thús komme út it fjild wei, stap fuort efkes yn de dûs. En tsjek dan alle plakken dêr't de sinne net skynt: hoksen, earmtakken, oksels, tearen."

4. Helje in tyk net skeind fuort

"Sjochst in tikebeet sitten: helje 'm dan sa fluch as mooglik fuort mei in tikelûker. Der binne ferskate pinsetsjes foar, it moaiste is dat je de tyk ûnskansearre mei kop en al der ôf lûkst. As je him stikken lûke of it mei alkohol besykje, dan spuitet de tyk himsels just leech. Dan is de kâns op besmetting grutter. As je de tyk binnen 24 oeren fuorthelje, dan is de kâns op besmettingen hiel lyts. Dus it is tûk om sa'n ding yn 'e hûs te hawwen."

5. Tekenje in sirkel om it plak

"Set der mei in stift of pinne efkes in sirkel om it plak hinne en meitsje der in foto fan. Mocht it no read wurde troch in ûntstekking, dan kinst moai oan de sirkel sjen oft it groeit. As dat sa is, moatte je efkes nei de húsdokter."

(Advertinsje)
(Advertinsje)