GGD Fryslân set útein mei ynintsjen kwetsbere pasjinten mei restfaksin

19 apr 2021 - 15:52

GGD Fryslân begjint mei it ynintsjen fan kwetsbere minsken mei faksins dy't oerbliuwe nei in dei. Kwetsberen krije dan in oprop om jûns in prik te heljen. Deistich binne der sa'n tweintich faksins oer yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Húsdokters yn de provinsje hawwe de ôfrûne wike in brief krigen mei it fersyk om in listje yn te leverjen mei dêrop fiif fan harren kwetsbere pasjinten. Allinnich dy listjes wurde brûkt. It hat foar kwetsbere minsken gjin doel om sels te beljen mei de GGD.

De minsken dy't it restfaksin krije, moatte tusken 19.00 en 20.30 oere beskikber wêze. It giet op folchoarder fan leeftiid. De âldste pasjinten komme it earst oan bod. It kinne ferskate types faksins wêze, dêr is gjin kar yn foar de gadingmakkers.

Nils van Mourik fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)